Kishore Kumar Hits

Nynke Laverman - Seis Oere Thús şarkı sözleri

Sanatçı: Nynke Laverman

albüm: Seis Oere Thús


Kom dyn nêst út jonge
It nêst waarm fan ferline
Skuor iepen de gerdinen
Spring derút de dei is nij
Hearst de klokken
De takomst ropt om dy
Mei juster achterop
Hast altyd tsjin 'e wyn yn
Doar dysels opnij te finen
Flean dyn eigen skaad foarby
En fluitsje
Fluitsje dy wer nij
En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge
Seis oere thús
De fearten fol mei âlde kij
Dy't oeral wat fan fine
Lit de sinne foar dy skine
Hear de fûgels, do bist frij
Fiel de grûn fiel dy bûn
Foar altyd ferbûn oan dy
En de klokken se sjonge
Se sjonge foar ús
Seis oere thús
Seis oere thús
En de klokken se sjonge
Allinne foar ús
Flean de wrâld yn myn jonge
En fertel my watsto net witst
En ik folgje en ik folgje
Ferjit fan wa'sto der ien bist
Want ik ken dy
Nim my mei yn dyn dreamen
Nei wêrsto noch net bist
Set dyn tosken yn in nije tiid (En de klokken sjonge foar ús)
Set dyn tosken yn in nije tiid (Seis oere thús)
Seis oere thús
Set dyn tosken yn in nije tiid
Op lange skonken skiednis stiest
De bonken fan wa'st juster wiest (En de klokken sjonge foar ús)
Mar de kleuren binn' ferwosken (Seis oere thús)
Set dyn tosken yn in nije tiid (Seis oere thús)
Set dyn tosken yn in nije tiid (Set dyn tosken yn in nije tiid)
Fertel my wa'sto hjoed bist (En de klokken sjonge foar ús)
En ik sis dy dat it goed is (Seis oere thús)
Datst my allang yn 't bloed sitst (Seis oere thús)
Datst my allang yn 't bloed sitst (Set dyn tosken yn in nije tiid)
Ik wol witte wat dyn dream is
Wa'st allegear noch mear bist (En de klokken sjonge foar ús)
Ast al it âlde stean litst (Seis oere thús)
Ast al it âlde stean litst (Seis oere thús)
Om te fleanen om te fleanen om te
Fleanen (Set dyn tosken yn in nije tiid)

Поcмотреть все песни артиста

Sanatçının diğer albümleri

Benzer Sanatçılar