Kishore Kumar Hits

Nynke Laverman - De Dream şarkı sözleri

Sanatçı: Nynke Laverman

albüm: Plant


Ik soe dy sizze wolle
Dat ik hieltyd faker dream
Fan hoe't it libben wêze soe as beam
As plant as strúk as bûterblom
En dat ik net wit hoe't it komt
Dat ik sa'n langstme fiel nei bleate fuotten
Yn 'e drek dy't dolle dolle nei de djipte
Dêr't de wjirmen sitte dolle nei it libben
Koel en ieuwenâld
Dêr't tiennen woartelsjitte my it opperflak
Ferjitte litte my foar iens en altyd
Ferbine mei de wrâld
Dat ik naam wat ik nedich wie
En mei it libben frede hie
Dy nederichheid
Dy tederheid
Begrypst?
Dy tederheid
Begrypst?
Ik soe dy sizze wolle
Dat ik hieltyd faker dream
Fan hoe't it libben wêze soe as beam
As plant as strúk as bûterblom
En dat ik net wit hoe't it komt
Dat ik sa'n wjerstân fiel tsjin muorren minsken
Muorren minsken grinzen tichter hieltyd tichter
In gesticht fan ûnferskillichheid
Ik stik - ik moat derút
Soartgenoat op soartgenoat kloatgenoaten
Stapele yn doazen fan beton en dûbel glês
'Hjir fynst dyn rêst fan nêst oant grêf'
De finzenis dy't minsdom is
Derút ik moat derút ik moat derút ik moat derút
Untsnappe oan
De wreedheid
De gretichheid
De leechte
Begrypst?
Begrypst?
Ik soe dy sizze wolle
Dat ik hast net doar te dreamen
Datst dan by my bliuwst
Datst neist my sitten giest
De wangen lâns myn blêden wriuwst
My sûnder taal ferstiest
En steefêst yn ús leafde leaust
Soest my noch sjen
Of wie ik opgien yn de dingen
Yn de dingen sûnder wearde
Dêr't de minsken noait fan leard ha
Se te sjen
Hiest my ferlern?
Ik soe dy sizze wolle dat ik hieltyd faker dream
Mar ik sis it net
Ik dream
Frij fan taal
Ik kin dy
Gjin wurden
Mear jaan
Gjin wurd
Gjin taal
Lês de leafde
Ma lês de leafde
Ik drink wetter
Ik jou lucht
Ik nim tiid
Ik draach frucht
Lês de leafde
Ah, Ah
Ma lês de leafde
Bliuw by my
Bloei by my 4x

Поcмотреть все песни артиста

Sanatçının diğer albümleri

Benzer Sanatçılar