Kishore Kumar Hits

Twarres - Fûgelfrij şarkı sözleri

Sanatçı: Twarres

albüm: Fûgelfrij


Do sjochst eltse dei omheech
Wolst sa graach mei alle fûgels mei
Do hearst stimmen út 'e steech
Mar se sizze net watst heare wolst
Want dat lytse hert wol it leafst noch dizze dei
Út 'e stêd en mei de fûgels mei
As hy sliept is hy d'r wer
Yn syn dreamen nimt de wyn him mei
Sjocht hy al syn freonen wer
As hy hjir is is hy fûgelfrij
Do fongst de fisken út 'e sleat
We makken fjoer do seachst dyn eagen út
Fjouwer oeren seidest neat
Ik wol hjir bliuwe seidest ta beslút
Want dat lytse hert wol it leafst noch dizze dei
Út 'e stêd en mei de fûgels mei
As hy sliept is hy d'r wer
Yn syn dreamen nimt de wyn him mei
Sjocht hy al syn freonen wer
As hy hjir is is hy fûgelfrij

Поcмотреть все песни артиста

Sanatçının diğer albümleri

2

2011 · albüm

Benzer Sanatçılar