Wy Friezen spatte eins amper út 'e bân
Wy binn' bekend as 't folk fan 'tuike, tuike oan'
Us 'ja' is 'ja', ús 'nee' is 'nee'
En as sy freegje: 'hoe ist mei dy?'
Dan 'koe't wol minder' en dat 's al better as gewoan.
In Fries allinnich rekket nearne fan oerstjoer
Ek al baarnt der yn him noch sa'n hillich fjoer
Mar binn' wy mear as mei ús trijen,
Binn' wy net mear stil te krijen
Leit de massa-hystery fuort op 'e loer!
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Nei twa kear nachtfroast wol de Hollanner der foar
Hy ropt om 't hurdst: 'de tocht der tochten, die gaat door'
Mar wy Friezen witte better
Iis is samar ek wer wetter
En dus hâlde wy de kiezzen op elkoar
Mar hearre wy Henk Kroes dan sizzen: 'it giet oan'
Ferlieze al dy nochtere Friezen har ferstân
Mei op 'e kop in 'Unox-petsje'
En by elk beferzen sleatsje
Stean de kampioenen fan it ûnferstân
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
En bliuwt it winters alle nachten boppe nul
Dan gau nei Tsjalf op 't Hearrenfean mei 't hiele spul
Nei Tony, Ids en rappe Rintsje
Oe wat in kontsje hat dat fintsje
'T Giet hjir om goud, nee dit is echt gjin flauwekul
En al is ús pake fiifensantich jier
De holle read-wyt-blau, hy farvet sels it hier
En giet de 'wave' dan oer de banken
Kin ús pake hast wol janke
Mar hy 'waved' mei, al docht it sear, ja stjerrend' wier
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
En yn dat stadion dat, nei Abe is ferneamd
Heart elke fuotbalgek dochs út syn dak te gean
Mar 'k hear amper minsken sjongen
Se koenen wol lêst ha fan de longen
Binn' dit no werklik wol de fans fan 't Hearrenfean
Earst as it goed giet, fielt de Fries him dan ferbûn
Klinkt yn De Kuip it Frysk folksliet sels yn 't rûn
En al snapt gjin spiler wat wy roppe
Wy sjonge troch, dan mar foar Foppe
Wy hâlde fol al wurde wy noait ris kampioen
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Bliuw net sitten, stive Friezen, jimm' moatte stean
Jimm' moatte roppe, raz' en balte
Krekt as binn' jim net al te al te
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Lit jim gean Friezen, Friezen lit jim gean
Поcмотреть все песни артиста