Kishore Kumar Hits

Piter Wilkens - Blaasmuzyk şarkı sözleri

Sanatçı: Piter Wilkens

albüm: Greideroas


Sneontejouns dan is er disko
Dûnsje op in ritmebox
En se folget de topfjirtich
It is hast in paradox
Want elke dei pakt sy de búgel
En wat is se fanatyk
D'r is altiid en ivich blaasmuzyk
It gjit net sa best op skoalle
Hy bliuwt wer sitten, dat is wis
En ûnderwizers sizze planút
Dat er in mislik jonkje is
Mar hy koestert syn trombone
En gjinien hat sa'n technyk
D'r is altiid en ivich blaasmusyk
Wa de jeugd hat hat de takomst
Nee die blaast nooit yn mineur
Wa de jeugd hat hat de takomst
Dy jouwt it deistich libben fleur
Yn it doarpshûs op it sportfjild
Mei de merke, op 'e dyk
Der is altiid en ivich blaasmuzyk
Se hâldt van sporten en van jongens
En van hingje mar wat om
It is sa'n fry en fleurich famke
Ja it is noch sa'n jonge blom
Mar op it kornet dan wurds se earnstich
En al lyke enerzjyk
Der is altiid en ivich blaasmuzyk
Lit guon âlde seur mar sizze
Dat er neat doogt fan de jeugd
Dat sil altyd wol sa bliuwe
Sokken sjoggen in nea gjin deugd
Der is altyd nije oanwask
En elke lichting is unyk
Der is altiid en ivich blaasmuzyk, blaasmuzyk
Der is altyd en ivich...
As ik sjoch nei dy gezichten, nei de wille en de nocht
As ik hjer nei al die klanken
Wat it by de minsken docht
Dan fiel ik skoan de zelfde leafde
En wat binne wy dochs ryk
Der is altyd en ivich blaasmuzyk, blaasmuzyk
Der is altyd en ivich...
Einde

Поcмотреть все песни артиста

Sanatçının diğer albümleri

Benzer Sanatçılar