Lytse snieman de snieklokjes bloeie Sy komme ûnder 't wintertek wei Sy laitsje nei de iere maaitiidssinne Ja hjoed is 't wier de droege tei 'K stean foar it rút en ik sjoch tryst nei bûten Do stiest der sa helpeleas by Do stiest dêr midden yn in grutte plasse It bin de triennen fan dy en fan my Lytse snieman de fûgels, sy fluitsje Sy bin fereale en tsjirpe sa blier Al dat prille gelok is oandwaanlik Mar net foar dy dizz' tiid fan 't jier Foar dyn pine en dyn smert is gjin romte Minsken rinne dy samar foarby Sy ha gjin erch yn it leed dat wy diele Yn de triennen fan dy en fan my Lytse snieman, dyn oanfretten noaske Fei ik aanst mei dyn biezem fan 't paad It waar sit yn de sjaal dy 't ik breide De kringloop, it is net te kearen Mar ast oerfljochst dan wiuw ik nei dy Yn de wolken dêr sit aanst dyn lyfke Yn de triennen fan dy en fan my Lytse snieman do silst nea wer gûle It is wis, ea komsto werom En dan mei it om my dagen snije Dan wurdt ús wrâld iepen en from Ik triuw dy op tiid yn de friezer Sa bliuwsto foar ivich by my En ik sil út en troch ûnder 't lid sjen Lytse snieman ik hâld sa fan dy Lytse snieman 't is altyd itselde As de snie falt dan boartsje de bern Sy meitsje fan willens in snieman Mar de maaitiid dy meisto nea sjen It falt swier elk jier wer dit ôfskie Mar dat is aanst foar altyd foarby Do stiest nea wer yn in grutte plasse Nea wer triennen foar dy en foar my