Kishore Kumar Hits

Die Twa - Winter şarkı sözleri

Sanatçı: Die Twa

albüm: Die Twa


Ik stean hjir oan de râne
Fan in befêrzen mar.
In mar sa grut en o sa djip.
De jûne dy is fallen,
De stjerren steane heech.
In izige mist leit oer it fjild.
It read fan de sinne
Ferdwynt yn'e fierte.
In fûgel fljucht hastich oer my fuort.
De lûden fan de dei,
Geane oer yn de nacht.
Ik sjoch de moanne yn al harren pracht.
Winter winter winter
Lit dyn snie mar sjen
Lit it wetter mar befrieze
In ein mar ek in nij begjin.
Winter winter winter
Wy binne klear foar dy
Mei dyn stille wyte tekken
Makkest yndruk op my.
De strepen fan de redens
Stean as tekens yn it iis.
De guozzen slaan foar dy op de flucht
Se fleanne yn in V foarm
Op nei it suden.
Ik sjoch en hear se heech yn 'e loft.
Winter winter winter
Lit dyn snie mar sjen
Lit it wetter mar befrieze
In ein mar ek in nij begjin.
Winter winter winter
Wy binne klear foar dy
Mei dyn stille wyte tekken
Makkest yndruk op my.
It tsjuster is no fallen,
En bûten is it stil.
De reek út in skoarstien jout een winterske sfear.
De snie is yn oantocht,
En de earste flokken dwarrelje omleech,
Mar der komt noch folle mear.
Winter winter winter
Lit dyn snie mar sjen
Lit it wetter mar befrieze
In ein mar ek in nij begjin.
Winter winter winter
Wy binne klear foar dy
Mei dyn stille wyte tekken
Makkest yndruk op my.
Winter winter winter
Lit dyn snie mar sjen
Lit it wetter mar befrieze
In ein mar ek in nij begjin.
Winter winter winter
Wy binne klear foar dy
Mei dyn stille wyte tekken
Makkest yndruk op my.

Поcмотреть все песни артиста

Sanatçının diğer albümleri

Benzer Sanatçılar