Kishore Kumar Hits

De Hunekop - Myn kameraat şarkı sözleri

Sanatçı: De Hunekop

albüm: 11,5 jier smoar


Froeger, wiene wy beste maten
Wênsdjejonnes giene wy te kaarten
Yn it wykein hâlden wy inoander yn 'e gaten
Foar at it mis gie
Dû holpst my mei, by houwerij
Ik wie getúge op dyn trouwerij
En wy klusten tegeare oan 'e ferbouwerij
Fan úze hûzen
En moarns betiid, stiest dû al foar de doar
En we riiden troch de mieden mei 120 d'r foar
Yn in âlde ôfjakkere Opel Record
Út '78
We wurken yn de tiid tegearre op 'e Tille
At de fluit moarns gie, dan hiene we al wille
Wat de baas fan ús tocht, dat koe ús weinig skille
Dêr hiene we skijt oan
Mar toen barde d'r iets, en dat hiene we noait tocht
Dû hiest dyn siel oan de dúvel ferkocht
Dû wurdest voorman, hie ik noait achter dy socht
Mar alles feroare
Ronst mei in tillefoan, yn dyn neie pakje
Dû giest noait mear even gewoan mei ús mei om in bakje
En Dû liest my steeds fjider sakje
Yn 'e stront
Dû wiest, inderdaad, in hiele goeie maat
Mar wat is d'r gebeurd, mei myn alderbeste kameraat?
Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije
Want no'st Dû voorman bist mei ik dy net mear lije
Myn kameraat, doe kist om my de tering krije
Dû hiest dyn siel oan de dúvel ferkocht
Dû koest in ekstra bankje krije
Mar fan dy nije Dû, ha ik sa skjin myn nocht
Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije
En ik hjer dy nog sa sizzen dast noait voorman wurre woest
Dat dat wol it allerlêtste wie wast Dû dwaan soest
Dast d'r nog better in krantewykje d'r by dwaan koest
Foar dat bankje ekstra
Dû hiest yn die tiid altyten in grut wurd
Fan we mat hjoed mar net al te hurd
Fleane en drave dat hat hielendal gjin nut
Want dêr wurst warrig fan
Mar hjoedtedei bisto net mear te ljowen
Sist achter it rút fan dyn kantoorke te gowen
Dan komst d'r even út om my op te drjowen
Dat is net gewoan
Dan seist tsjin my dat ik wat hurder mat werke
Dû gjist noait mear even mei my nei de merke
Sjochst my net iens mear oan yn't tsjerke
Want Dû fielst dy better
Mar evensagoed bin'k dr wol aardich oerhinne
Toch wol skande dat de dingen sa matte rinne
Komst d'r wol achter wa't dyn eigen maten binne
At se wat macht krije
Sa gjin'k tsjintwurdig ek net mear te houwen
In oannimmersbedriuw sil myn hús ferbouwe
En myn broer, dy wurdt getúge at ik gjin trouwen
Want dy kist d'r wol by ha
Dû wiest, inderdaad, in hiele goeie maat
Mar wat is d'r gebeurd, mei myn alderbeste kameraat?
Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije
Want no'st Dû voorman bist mei ik dy net mear lije
Myn kameraat, doe kist om my de tering krije
Dû hiest dyn siel oan de dúvel ferkocht
Dû koest in ekstra bankje krije
Mar fan dy nije Dû, ha ik sa skjin myn nocht
Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije
Myn kameraat, Dû kist om my de tering krije
It is wol núver hoe minsken feroarje kinne
At se in bytsje status krije
Mar at se dan miene dat se Jezus binne
Kin se om my de tering krije
Kin se om my de tering krijeeeeee-brúnwurker!

Поcмотреть все песни артиста

Sanatçının diğer albümleri

Benzer Sanatçılar