In Goadefrou sil ik ha, in dochter fan Nertha Sy laket my ta, dy dochter fan Nertha In goadefrou glimkjend fan fjoer Moaier as 't ljocht, as de natuer Sa't wêze moat sil barre Tsjin 'e stream yn farre Wy sil farre Folgjend de Noardstjer Fan 'e leafde De tsjustere nacht yn Refrein De boarne fan ús striid Leit yn 'e wolvetiid Doe woedest do my ha Faam fan Nertha It swiet fan 'e leafde preaun Mei bloed yn myn siel skreaun Dêr ûnder de Ostremaan Lietst do my alles dwaan Ik longerje nei dyn liif En meitsje fan dy myn wiif Ik sil dy wis wer ha Faam fan Nertha Dyn eagen stoarje kjel Myn fingers yn dyn fel Ik betwing dy mei ien hân En taast dy gleon en dwyl oan