Kishore Kumar Hits

Baldrs Draumar - Ferbline, Ferballe şarkı sözleri

Sanatçı: Baldrs Draumar

albüm: Magnus


Ferbline, Ferballe
As Kaïn bin syn bruorren, fûleindich op him tsjin
Wriggen yn har dieden mar minsken yn skyn
De fingers tefrissele, de hannen hat hy gear
Wylst knyften op him ynstekke bid hy ta syn hear
Salve, Regina, Mater misericordiae,
Vita, dulcedo, et spes nostra, salve
Ferbline, Ferballe,
Ljochtleaze leechten
Ferbline, Ferballe,
Gapjend yn 'e kop
Ferbline, Ferballe
Oars neat as it tsjuster
Ferbline, Ferballe
Gjin tonge foar in rop
Jo sille gjin ferkearde tsjûgenis tsjin jo neiste sprekke
As tsjinner fan it Wurd mochten jo dizze eed nea brekke
It iene wang ha wy takeard en it oare wang lyksa
No ropt ús God om bloed en bloed sil Hy ha
De sûnde is oer him, hy naam in wiif ta frou
Itend fan de apel wie hy syn folk ûntrou
It yngewant útpuoljend út in bluodderige sneed
Eachleas en tongleas hâld it folk Paus Leo beet
Ferbline, ferballe, fergromme en fergrúze
Salve, Regina, Mater misericordiae,
Vita, dulcedo, et spes nostra, salve

Поcмотреть все песни артиста

Sanatçının diğer albümleri

Benzer Sanatçılar