Berne, yn in lang ferfleine tiid Swalkjend en sykjend om syn plak op de ierde Los fan syn bruorrebân, late troch de goadehân Oarsprong fan tradysjes, foarmer fan ús lân Ien fan trije bruorren Mar frij fan 't floed ferbûn Mei Stavo yn it hert sletten De wei nei hûs ta fûn It bloed sil altyd brûzje Yn dy sterke stamme, Fan Friso, yn ús ieren om Bring eare oan syn namme Heit fan Rêdbâd Heit fan Grutte Pier Heit fan Magnus Heit fan de wiere Fries Friso, boarne fan ús bestean Friso, do silst nea fergean Alfaar, earste fan ús line Alfaar, dyn erfskip sil nea ferdwine